Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Van Tuinen Thús by Wybe Mulder

Van Tuinen Thús by Wybe Mulder

17 July 2002

Thús by Wybe Mulder yn Balk, pastor yn Bakhuzen, Wâldsein, Sleat en Balk.

180716_SADWAANDE_OER_SUNIGENS_12_04_2000.mp4

Sadwaande: Sunigens

12 April 2000

Dizze Sadwaande giet oer sunigens. We prate mei minsken op strjitte dy't krekt har boadskippen dien ha by de Aldi, lekker goedkeap. En we prate mei minsken dy't sunich libje, de ien om't se nei de skieding minder jild hat, de oare om't it in gewoante is. Se besparje op wetter en enerzjy. Ek prate we mei minsken op de bank, hoe sit it mei sparjen? Prinses op learzens besparret troch te dûsen yn de waskstrjitte.

Sybe Satellyt 0404

Sybe Satellyt 0404

14 Desimber 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe sjocht by krystbeammekweker Johan Klaver en hy giet nei de roomske tsjerke, dêr't pastoar Van der Wal oer krysttiid fertelt. En Sake Roodbergen hat in fetbol makke foar de fûgels.