Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Vive la Frise 8

Vive la Frise 8

29 Augustus 2002

Op syk nei Friezen yn de Ardêche yn Súd-Frankryk: Petra Smink wurket by de ANBW-alarmsintrale yn Lyon.

De Dyk Ut 05

De Dyk Ut 05

14 July 1998

De Dyk Ut. Oflevering 5: Fan Nes fia Wierum nei Holwert

LTV_25jier-Oerol_WR

25 jier Oerol: it eilân as poadium

11 Juny 2006

Yn 1982 begûn kroechbaas Joop Mulder in festival op Skylge. Doe kamen der 2.000 besikers, no 25 jier letter lûkt Oerol 50.000 besikers. Yn de dokumintêre fertelt Mulder oer it begjin en syn dreamen. Bestie it festival earst benammen út strjitteäter, letter kamen der foarstellingen op lokaasjes as strân en bosk by en ek yntym teäter yn skuorkes. Neist teäter is der ek muzyk en de lêste jierren ek byldzjende keunst. It kantoar wie earder by Mulder thús, no wurkje 600 minsken oan Oerol.