Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Op-nei-laplan_Band-Van-Wieren_WR

Op nei Laplân: de band Van Wieren

31 Desimber 2006

We folgje de Fryske rockband Van Wieren dy't meidocht oan it sjongfestival foar minderheidstalen Liet Ynternasjonaal, dat yn Sweedsk Laplân is. It is de earste bûtenlânske reis fan de band dy't hege ferwachtingen fan it optreden hat. We sjogge by de repetysjes, prate mei de oare tsien dielnimmers en sjuerylid Beart Oosterhaven. Ek sjogge we fragminten fan de show mei optredens. Uteinlik wurdt Van Wieren sechsde, de winner is de Samyske dielnimmer.

Baas Boppe Baas 0108: Bromnozems en motordúvels

Baas Boppe Baas 0108: Bromnozems en motordúvels

01 Jannewaris 2002

Yn it doarp fan de famylje Baas wurdt ynbrutsen yn in loads en der binne brommers, motors en kompjûters stellen. De buorjonge fan Beant Baas, Bennie, wurdt fan dizze stellerij fertocht...

Tûkelteammen 0303

Tûkelteammen 0303

26 April 2005

De tredde ôflevering fan it tredde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sit Wiesje Jansma, toanielregisseur, mei Sybren Abma fan Goaiïngea, en yn team 2 sit Marius Delgrosso, ek toanielregisseur mei Jan Slijkhuis út Zwolle.