Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SPORTERS_TRIJELUK

Trijelûk: weromsjen op Alvestêdetocht, fierljeppe en skûtsjesile

06 Febrewaris 1994

Yn dit trijelûk komme trije Fryske sporten oan de oarder: reedride, fierljeppe en skûtsjesile. We sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1933, by de nije tentoanstelling yn it reedrydmuseum yn Hylpen is in reüny fan riders. It wie in frij maklike tocht mei goed waar, en twa winners: Abe de Vries en Sipke Castelein. Se sjogge werom op dy tocht. Weromsjen dogge ek twa âld-fierljeppers dy't yn de 60-er jierren kampioen waarden: George Valkema en Roel Bokke Span. We sjogge bylden fan it ljeppen yn Winsum en de yntroduksje fan de aluminium pols troch Evert Wilstra.

ABD-sjoo 0107

ABD-sjoo 0107

09 April 2002

Yn de sande ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen it Skipperspypke út Jelsum/Koarnjum en De Boarne út Aldeboarn it tsjin inoar op. It tema fan dizze ôflevering is gebouwen. Yn de filmkes sjogge we by de Aldehou yn Ljouwert, de Skierstins yn Feanwâlden, it Ruurd Wiersmahûs yn Burdaard, it Planetarium yn Frjentsjer, de tsjerke yn Wiuwert dêr't mummys lizze en de fiskershúskes yn Moddergat. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Fan fan: Foppe de Haan

Fan fan: Foppe de Haan

21 Desimber 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Foppe de Haan it himd fan it liif frege troch Pieter Siegersma (14 jier) út Gerkeskleaster. Hy moetet de trainer fan SC Hearrenfean by de klup.