Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0106

Sybe Satellyt 0106

09 April 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sybe sjocht by it wurk fan de brânwacht, hoe't se by in melding útride en hoe't se oefenje om ien út in auto te befrijen, wat se dogge by in hûs fol reek en dat se in gastank mei skûm blusse moatte. Op de skoalle yn Easterwierrum sjocht Sybe by tal fan útfiningen fan de bern.

Fytsalvestêdetocht 1999

Fytsalvestêdetocht 1999

24 Maaie 1999

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 1999.

7de klasse A 19: Snits - De Monnik

7de klasse A 19: Snits - De Monnik

28 April 2003

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. Dizze wike: Snits - De Monnik (Skiermûntseach) 2-2.