Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: ISK, OSG Singelland

No Wy: ISK, OSG Singelland

04 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze earste ôflevering binne dat learlingen fan de tredde klasse fan OSG Singelland yn Drachten. Se sitte yn in ynternasjonale skeakelklasse (ISK). It wie har eigen idee om har libben te filmjen en te fertellen oer wêr't se weikomme en wat se meimeitsje. Faak is it swier om't se net witte oft se yn Nederlân bliuwe meie. Gaylord, Najad en Mohamed prate mei learlingen en leararen. Ek ha se in filmke makke oer de konsjerzje en bylden draaid op it asylsikerssintrum yn Drachten.

Marten de Mûs: Mei de bus

Marten de Mûs: Mei de bus

20 Novimber 1990

De aventoeren fan Marten de Mûs.

De Nije Moanne: De útfiners

De Nije Moanne: De útfiners

07 April 1991

Trije soarten útfiners komme oan bod: by doarrefabrikant Halbertsma yn Grou brûke se flaaks as produkt tusken it hardboard, by de agraryske hegeskoalle besykje se iel yn te setten as biologyske bestriding fan boaiemynsekten en by masinefabryk Van Brummelen yn Ljouwert betinke se allerhanne soarten masines, lykas in spekynpakmasine foar Frisia yn Harns. De ynnovaasjes moatte de produksjeprosessen ferbetterje.