Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

BERNEBOEKSKRIUWERS_FR_WR2

Skriuwerslibben: berneboekeskriuwers Hanneke de Jong, Lida Dijkstra en Pieter Feller

03 Febrewaris 2002

Portret fan de berneboekeskriuwers Hanneke de Jong, Lida Dijkstra en Pieter Feller. Se fertelle oer har wurk, ynspiraasjeboarne, wat se belangryk fine yn in ferhaal en hoe't se it Frysk brûke. We sjogge se oan it wurk, Hanneke yn har skriuwcaravan en Lida oan it researchen by Tresoar. De skriuwers publisearje yn it Frysk en har wurk is ek yn it Nederlânsk ferskynd. Pieter is net Frysktalich, mar hat wol in boek fan him sels yn it Frysk fertaald, dat bliuwt lykwols mar by ien.

_LTV_ALBERT_BONNEMA_WR

In heldetenoar: Albert Bonnema

15 Septimber 1996

Portret fan tenoar Albert Bonnema (1956), berne yn Koehoal. Heit wie ûnder oare fisker. Hy fertelt oer syn libben, we sjogge by de seedyk, it bertehûs, de tsjerke en syn mem, en oer syn leafde foar muzyk. Nei de ambachtsskoalle gie er nei de MTS (elektrotechnyk) en wurke by de FIB yn Ljouwert. Underwilens hie er sjongles by Pita Grilk. Oant 1994 wie er ferbûn oan it operahûs yn Bern, no is er freelance en wennet er yn Amsterdam. We sjogge by repetysjes en de útfiering fan 'Leonore' fan Beethoven op it Holland Festival yn it Concertgebouw yn Amsterdam.

LTV_DIET_HUBER_FRYSK

Skriuwerslibben: Diet Huber

03 Septimber 1995

Portret fan de Fryske skriuwster Diet Huber, bekend fan 'Tutte mei de linten', mei boartlike ferskes foar bern. Se fertelt oer har libben en wurk yn har flat yn Amsterdam. As jong bern wie se al fassinearre troch taal en klanken. Har heit prate Nederlânsk en har mem Frysk. Se gie nei de Kunstnijverheidsschool yn Amsterdam en skreau foar de Friese Koerier. Yn 1961 gie se mei har man (geolooch) en dochter nei Noard-Sweden te wenjen. Se fertelt iepen en libben oer har beroerte en depresje, mar ek oer har poppeteater.