De foarútgong: oer sloop en nijbou fan hierwenningen

20 Septimber 1998

Yn de jierren 1950 en 1960 binne yn Ljouwert in soad sosjale hierwenningen boud, yn de foarm fan flats yn nije wenwiken Heechterp en Bilgaard. In tal fan dy flats wurde no sloopt, net alle bewenners binne dêr wiis mei. Yn de jierren santich kaam der stedsfernijing mei de wyk Aldlân, hierhuzen dêr't no leechstân is wylst der ek plannen binne foar nijbou.Foar- en tsjinstanners fan dizze plannen om leechstân oan te pakken komme oan it wurd.