De takomst fan de romte (diel 1)

25 Febrewaris 2007

Hoe wurdt omgien mei de romte yn Fryslân? Mei it each op de Steateferkiezings 2007 sjogge we hoe't in nij provinsjaal bestjoer fierder moat mei wenningbou, de oanlis fan bedriuwsterreinen en diken. Yn dit earste diel omtinken foar in tal romtlike knyppunten en lânskiplike bedrigingen. Ferskate saakkundigen komme oan it wurd lykas planologen en demografen. It giet oer 'de verrommeling' troch yndustryterreinen, oer de oanlis fan de Sintrale As, de dyk fan Dokkum nei Drachten dy't goed is foar leefberheid en ekonomy mar minder foar de natuer want de dyk giet dwers troch de Noardlike Fryske Wâlden. It giet ek oer wenningbou ûnder Ljouwert, Zuidlanden. Ek dêr binne foar- en tsjinstanners.