'Hoofdblad sûnt 1752'; 250 jier Leeuwarder Courant

29 Septimber 2002

We sjogge achter de skermen by de Leeuwarder Courant, op de redaksje, op de redaksjegearkomste en by de parse. Haadredakteur Rimmer Mulder skriuwt alle dagen in haadredaksjoneel kommentaar. Redakteur Eva Vriend fertelt oer har wurk en we sjogge har foar in stik oer skoalswimmen fan asylsikersbern op paad gean nei it swimbad. Marcel Broersma beskreau de skiednis fan de krante en hy fertelt deroer. Fierder komme oan it wurd Wio Joustra (plakferfangend haadredakteur), Fedde Dijkstra (betinkt de 'Gurbe') en Pieter de Groot (opinyredakteur). Ek lêzers en in besoarger fertelle oer har bân mei de LC.