It mystearje fan it Oera Linda Boek

05 Desimber 2004

It Oera Linda Boek kaam yn 1867 foar it ljocht. Cornelis over de Linden hie it al generaasjes lang yn de famylje. Yn in lestich te lêzen hânskrift -sabeare Aldfrysk- soe it ferhaal oer de skiednis fan de Friezen gean fan 2000-50 foar Kristus. Yn 1870 waard it oanbean oan it Friesch Genootschap. Guon leauden dat it echt wie, oaren leauden dat net. Histoarikus Goffe Jensma der ûndersyk nei en neffens him hat Francois Haverschmidt, dûmny yn Foudgum it skreaun, mei yn it komplot Over de Linden en argivaris/bibliotekaris Eelco Verwijs. De sabeare kronyk fan de Friezen is oer de hiele wrâld ferspraat.