LINKK 03: Ut it Nijs

10 Novimber 2000

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer wat is nijs en hoe bringe je dat nijs by de minsken. We sjogge by de lokale omrop Oskar, learlingen fan de fotonica-oplieding en de makker fan de doarpskrante fan Ketlik.