Supermerk fan wolwêzen en gelok: oer âldereinsoarch

25 April 2004

De term 'supermerk fan wolwêzen en gelok' komt fan de baas fan it nije projekt Skewiel yn de Trynwâlden. Fersoargingshûs Heemstra State yn Oentsjerk is sloopt en der is nijbou mei apparteminten kaam. Bewenners kinne dêr soarch krije mar binne 'eigener fan eigen problemen.' Dy nije oanpak hâldt yn dat sjoen wurdt wat de boarger sels noch kin en wat de soarch dêroan taheakje kin. Minsken wenje langer selsstannich en krije soarch oan hûs, troch ferskate doarpsteams en saneamde omtinkers. Ek is der in soarchstipepunt, in berne-opfang, fysio en sels in hingplak foar jeugd. We folgje ferskate meiwurkers by it wurk. Net elk is entûsjast oer dizze nije oanpak, fersoargingshûzen biede 24 oeren deis soarch oan sizze se.