Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Emigraasje

Wyn op Woansdei: Emigraasje

17 Septimber 2003

Programmamaker Evert van den Berg giet op besite by trije boeren. Sjouke Bruinsma is al emigrearre. Hy buorket mei in protte sukses op de hellingen fan de heechste berch fan Afrika, de Kilimanjaro. Hy is beantsjekweker en hat op dit stuit al mear as 250 minsken yn tsjinst. De famylje Meesters út Lippenhuzen is krekt werom fan in teloarstellend avontoer yn Denemarken. De famylje Van de Belt út Donkerbroek hat lykwols plannen om nei Denemarken te emigrearjen. Is emigrearjen anno 2003 in opsje no't it net goed giet mei de lânbou yn Fryslân? Ek praat er mei minsken fan de NLTO.

LTV_HENKALKEMA_RIXT_211090

LTV: Poadium 1: Henk Alkema oer de Fryske opera Rixt

03 Desimber 1989

Alsidich muzikant, komponist en dirigint Henk Alkema (1944-2011) fertelt yn Lyts Hiddum (ûnder Koarnwert) oer it ta stân kommen fan de Fryske opera Rixt, dy't er skriuwt foar it Frysk Festival yn 1990. It is basearre op Rixt fan it Oerd. We hearre ek oersetter Geart van der Meer, sjongeres Annett Andriesen en Edwin Rutten. We hearre ek by de buorman, dy't boer is.

ABD-sjoo 0208

ABD-sjoo 0208

15 April 2003

Yn de achtste ôflevering fan it twadde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen It Klimmerblêd út Sint-Nyk en de Sint Mattheusskoalle fan De Jouwer it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by de sirkusskoalle yn Ljouwert, keunstner Hans Jouta, by in autodemontaazjebedriuw yn Broeksterwâld en it atelier fan Alie Slot yn Wurdum, se hat allegear pruken en petten foar toaniel. Te gast is Johan de Jong mei in goudûle. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).