Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S02E01: De Tynje

Geert! S02E01: De Tynje

16 Maart 2004

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan De Tynje. Hy praat mei Jan Overwijk, de 'boargemaster' fan it doarp, mei Elisabeth Tangel, se skilderet ikoanen. Fierder in petear mei twa nasjonaal kampioenen combinerace Reinder van der Meer en Nynke Vries en Cor de Jong dy't al jierren it karnaval organisearret. En Geert bringt in besite oan it Opelmuseum dêr't er praat mei sammeler Meindert van Wijk. De live-muzyk komt fan de Fryske band Opskuor.

De Nije Moanne: Jong talint - om de goede toan

De Nije Moanne: Jong talint - om de goede toan

31 Jannewaris 1993

Trije jonge minsken dy't libje foar de keunst. Ido Jan Stalman komt fan Drachten en is trompettist yn Enschede, Ra van der Hoek is byldzjend keunstner, se hat in atelier yn Ljouwert en Kees Glimmerveen is skriuwer, hy komt oarspronklik fan Ferwert.

LTV_BUTENLANSK_LEAUWEN_TK

Bûtenlânsk leauwen

18 Oktober 1992

Yn dit programma komme trije soarten fan bûtenlânsk leauwen oan de oarder. We sjogge by in Turkske man en frou op It Hearrenfean dy't islamitysk binne. De man bidt freedtemiddei yn de moskee, de frou docht dat nei wurktiid thús. Op it wurk hat se gjin holdoek om, thús wol. Twa Amerikaanske jonges geane de doarren del as sindeling om te fertellen oer har tsjerke, Jezus Christus van de heiligen van de laatste dagen. It komt oarspronklik út Salt Lake City dêr't ek in hiel grut famylje-argyf is. We sjogge ek by in tsjinst yn Ljouwert.