Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S01E01: Sumar

Geert! S01E01: Sumar

18 Maart 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Sumar. Hy praat mei mûnder Kees Spithorst, Dick Strijker dy't as hobby termometers sammelet en Minke Nicolaï dy't oan kantklossen docht. Geert praat ek mei minsken fan de klaaidosjitferiening en mei Dries de Vries dy't nei in harsenynfarkt wer fan alles by de ein hat, fan websitebouwen oant grimearjen. Der is live-muzyk fan de band Full Flavour.

Sadwaande: krystdagen

Sadwaande: krystdagen

24 Desimber 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekomony en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: krystdagen.

Wyn op Woansdei: Sri Lanka II

Wyn op Woansdei: Sri Lanka II

16 Maart 2005

Programmamakker Evert van den Berg sjocht werom mei Jochem Leijstra (slachter) en Jan Leijstra (monteur) op har reis mei Sujan Singarajah nei Sri Lanka. Se ha allegear guod ynsammele foar de minsken dêr dy't troffen binne troch de tsunami.