Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Op-e-romte_In-moeting-tusken-Gaasterlanse-en-Marokkaanse-jongerein_WR

Op 'e romte, in moeting tusken Gaasterlânse en Marokkaanse jongeren

18 Maaie 2008

Nei in tal ynsidinten yn de Súdwesthoeke dy't te krijen hiene mei alkohol en rasisme organisearre jongereinwurker Sandra Ordelman yn 2008 in útwikselingsprojekt tusken in groep jongeren út Aldegea (W.) en Marokkaanse jongeren út Utrecht. Omrop Fryslân wie by dy bysûndere moeting.

LTV_Hylke-Speerstra-oer-it-heidenskip_WR

'Achter santjin hikken' - Hylke Speerstra en It Heidenskip

04 Juny 2006

Skriuwer Hylke Speerstra fertelt oer It Heidenskip, de skiednis, de minsken, yn syn Achter santjin hikken. Hy sjocht by de Hofmarpleats, repetysjes fan it teaterspektakel dat fan de tekst makke is. Ynwenners fan it doarp komme oan it wurd. Mei 375 ynwenners dy't ferspraat oer in gebiet sa grut as Ljouwert wenje, mei oeral wetter om har hinne, is it in isolearre mar hechte mienskip. De âld-sjoernalist en âld-haadredakteur oerleit mei skriuwer Geert Mak oer syn skriuwen.

LTV_FERSETSMUSEUM

Verzetsmuseum Friesland

16 April 1995

Ut it fernijde Verzetsmuseum Friesland wei, ûnderdiel fan it Fries Museum yn de Kânselarij, praat Geart de Vries mei ferskillende minsken oer de Twadde Wrâldoarloch. Wybe de Jong en Trynke Postma-Friso fertelle oer har ûnderfiningen. De Jong wie aktyf yn it ferset en waard 14 april 1945 befrijd út Crackstate op It Hearrenfean. By de famylje fan frou Friso wienen ûnderdûkers, no jout se de jeugd foarljochting oer de oarloch.