Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MAR_IK_SIL_STRIDE_231197_WR

Mar ik sil stride!: Ried fan de Fryske Beweging

23 Novimber 1997

De Ried fan de Fryske Beweging feroaret wat yn oanpak: fan earder stride tsjin allerhanne saken wurdt no mear sjoen nei hoe't minsken yn Fryslân yn de praktyk better gebrûk meitsje kinne fan de wetlike mooglikheden dy't der binne foar it Frysk en dat se it Frysk brûke. We sjogge de ôfgeande foarsitter Liuwe Westra flyerjen yn in doarp, we sjogge by de betinking fan de Slach by Warns, by Frysk Beweger fan de earste oere Durk van der Schaaf (riedslid FNP), by de gearkomste fan it Kristlik Frysk Selskip en by de Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins.

Baas Boppe Baas 0103: It Lot

Baas Boppe Baas 0103: It Lot

01 Jannewaris 2001

Froukje keapet in lot foar de lotterij sûnder it Beant te fertellen. Wûnder boppe wûnder wint se de lotterij. Beant en Froukje begjinne it jild út te jaan, mar dan bart der wat dêr't se nea oan tocht hiene… 

PETEAR_RENSEWESTRA

It Petear: Rense Westra

20 Desimber 1994

Bouke Oldenhof praat mei akteur Rense Westra.