Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_BRADA_141203_WR

De ûndergong fan Brada

14 Desimber 2003

De grutte slachterij Brada yn Ljouwert wie in begryp: kij gienen net nei de slachter, nee kij gienen nei Brada. Oait begûn yn de Lytse Tsjerkestjitte ferhuze it famyljebedriuw yn de jierren tritich nei de Snekertrekweg. Dêr fertelt Benno Brada, sechsde generaasje, oer de skiednis fan it bedriuw en de úteinlike ferkeap oan slachter Aaldert Wildeboer út Hollandscheveld. Skulden en de tongblierkrisis makken in ein oan Brada. Ald-wurknimmers komme oan it wurd en we sjogge op it bedriuw, noch yn aksje en no't it leech is. Ek feehanneler Bonne Speerstra komt oan it wurd.

Linkk Ekstra: technyk 2

Linkk Ekstra: technyk 2

16 Maaie 2003

Yn dizze twadde ôflevering fan de searje oer technyk giet Jildou de Vries fierder mei de útlis fan saneamde oerbringers dy't yn tal fan apparaten sitte, fan kompjûters oant grutte boukranen. Se sjocht ûnder oare by Batavus op It Hearrenfean, lânboumasinefabryk Miedema yn Winsum en by de satelliten yn Boerum. Learlingen fan it Liudger yn Drachten meitsje in opdracht foar technyk.

LTV_IT_FJIRDE_GEWAS_2

It fjirde gewaaks

13 Novimber 1994

Neist it ferbouwen fan jirpels, sûkerbiten en weet wurdt socht nei alternative gewaaksen foar it lân. De saneamde 'agrivicatie' siket nei gewaaksen dy't brûkt wurde kinne as griene grûnstoffen foar yndustriële produkten, lykas flaaks en olifantsgers. We sjogge by ûndersikers yn Wageningen, prate mei boeren en produsinten oer dizze ûntwikkeling.