Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Simmer 2005

Spegels: Simmer 2005

25 Augustus 2005

It lytste teater fan Nederlân wie yn 2005 dat fan poppespiler Haye Bijlstra yn de Vijzelstrjitte yn Ljouwert. Janko Krist makke in reportaazje. It programma begjint mei de Hongaarske sjongeres Veronika Juhasz. Se folget in foaroplieding oan it konservatorium yn Grins en wennet yn Hurdegaryp, by âld-omropmeiwurkster Aly van der Mark. It leafst sjongt Veronika op strjitte, Italiaanske aria's. Mar dy tiid is no foarby, der moat hurd wurke wurde oan in karriêre.

Sybe Satellyt 0406

Sybe Satellyt 0406

15 Febrewaris 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Sa sjocht Sybe by it wurk dat se dogge yn de Brandaris op Skylge. Henk Wortel jout útlis. Ek sjocht er by bioboer Thom de Groot yn Goattum by Grou. Hy wegeret syn kij earmerken yn te dwaan. De blusboat fan Grou moat Sybe fan de Pikmar rêde. En hy sjocht by de útfining op de Skoalfinne dêr't de bern in yntelliginsjetest betocht ha.

LTV_Liet-Lavlut-2006-Fryske-titels_WR

Liet Lavlut 2006

01 Jannewaris 2007

Kompilaasje fan Liet Lavlut (Lavlut is Sámysk foar lietsje), it ynternasjonale sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen. Dat is yn 2006 yn it Sweedske Östersund. Foar Fryslân docht de band Van Wieren mei om't se it Fryske Liet wûn hienen.. We sjogge alle optredens en de artysten fertelle oer it ferske dat se spylje.