Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S02E03: Seisbierrum

Geert! S02E03: Seisbierrum

30 Maart 2004

Geert van Tuinen is yn hotel-kafee-restaurant De Harmonie yn Seisbierrum en praat mei Auke Swart dy't in âld pachtkontrakt fan syn pleats hat, mei heks Lia van den Bulk en mei Jelte de Vries oer de spilersbus fan fuotbalklup AVC. Geert test ek noch hoe gastfrij oft de ynwenners fan it doarp binne. De live-muzyk komt fan de band Weever en kok Annemiek Zijlstra siedt sprútsjessop.

Van Tuinen Thús by Annet van der Hoek

Van Tuinen Thús by Annet van der Hoek

29 Augustus 2001

Thús by Annet van der Hoek yn Frjentsjer, lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA.

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

Hjoed: Loftmachtdagen 1998

03 July 1998

Op de Ljouwerter fleanbasis sjogge we by de lêste tariedingen op de dei foar de iepen dei. De fleantugen repetearje de shows en bewenners fan omlizzende doarpen en famyljeleden fan militêren meie komme om te sjen.