Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DE_FIIFSPRONG

De fiifsprong yn Ljouwert

02 April 1995

Tal strjitten kamen op de fiifsprong yn Ljouwert út, lykas de P.J. Troelstrawei en de Spanjaardsleane. It wie yn de oarloch in rike buert dêr't toskedokters wennen en Joadske ûndernimmers. Toskedokter Ruurd Rodenburg filme yn de oarloch wat op strjitte barde, dat die er stikem tusken de gerdinen troch. Hy filme kloften minsken dy't rinnende ûnderweis wienen nei it fleanfjild om dêr te wurkjen, Dútsers op strjitte en it opheljen fan de Joadske famylje De Jong. Net ien fan har oerlibbe de oarloch, sa docht bliken út ûndersyk yn it befolkingsregister.

Rondo Musica 8: Reidynstruminten

Rondo Musica 8: Reidynstruminten

05 Juny 2001

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn it achtste en lêste diel giet it oer blaasynstruminten mei in tin plaatsje yn it mûlstik lykas saksofoan, fagot, klarinet, hobo en doedelsek. We sjogge by in doedelsekbouwer, saksofonist Hubert Heeringa en in man dy't saksofoans reparearret. Ek praat Tamara mei Froukje dy't klarinet spilet en mei Dirk Meyer dy't fagot spilet.

Sealter-Friezen 01

Sealter-Friezen 01

06 Augustus 1996

Se steane yn it Guinness Book of Records as de lytse taalminderheid fan Europa: de Sealter-Friezen yn Dútslân. In trijedielige simmerrige fan Onno Falkena.