Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

HJOED_281295_RepoIselmartochtSurch

Reedride op de Iselmar

28 Desimber 1995

In hiel soad leafhawwers skreaunen har yn foar de Iselmartocht, organisearre troch de 100-jierrige iisklup fan Surch. Mei in skower foar de (Citroën) Eend wie in baan skjinfage fan in rûntsje fan fiif kilometer. Under de dielnimmers ek boargemaster Piersma.

LTV_Wieringerma_WR

De Wieringermar ûnder wetter

04 Maaie 2008

Dokumintêre oer it ûnder wetter setten fan De Wieringermar troch de Dútsers op 17 april 1945. Foar de pioniers wie 17 april in ôfgryslike klap. Foar de twadde kear moasten se de polder wer opbouwe. De skiednis wurdt ferteld troch bern fan doe: Tjeerd Veenstra, Broer Holtrop, Tine Viersen, Cees Meeuwsen en Sytse Faber.

7de klasse A 06: EBC Eastermar - Tsjummearum

7de klasse A 06: EBC Eastermar - Tsjummearum

28 Oktober 2002

Yn de rige '7de klasse A' folget Boppeslach de leechste amateurklasse fan it fuotbaljende Fryslân. EBC moat foar de tuchtkommisje komme en yn dizze útstjoering sjogge we nei de wedstryd tusken EBC en Tsjummearum.