Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Gevels skjinmeitsje mei kaviaar

Wurktiid TV: Gevels skjinmeitsje mei kaviaar

23 Augustus 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer wenningrenovaasje, it skjinmeitsjen fan gevels, op De Jouwer. It docht bliken dat dat strielen hiel goed wol mei kaviaar, kalkboltsjes dy't ûntsteane by it suverjen fan wetter. M. Sappé (direkteur fan it skjinmakbedriuw), J. Terpstra (Pompstasjon Spannenburg) en J. Lammertsen (wenningbouferiening Haskerland) fertelle oer har wurk.

Mata Hari: de ferbylding fan in myte

Mata Hari: de ferbylding fan in myte

14 Oktober 1990

In greep út de Mata Hari-fertolkingen leart, dat elk wer mei syn eigen Mata Hari oankomt. Hieltyd op 'e nij sprekt se ta de ferbylding: de dûnseres, dy't as spionne de deastraf krige. Yn it ramt fan it Frysk Festival ferdjippe Rients Gratama him yn har turbulinte libben. De lêste moannen wie in entûsjaste ploech dwaande om harren eigen Mata Hari yn in musical stâl te jaan.

Tritigers 0112: Wenje

Tritigers 0112: Wenje

04 Febrewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Der binne ek reportaazjes oer The Lost Generation (sa't de tritigers fan no neamd wurde) en it programma bringt portretten fan tritigers en wat it libben harren te bieden hat.