Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 1

Linkk Ekstra: Do makkest teater 1

10 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 1 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Se praat mei dekôrbouwer Anton Rolink, hy makket ûnder oare dekôrs foar ferskate programma's fan Omrop Fryslân. Ek sjocht se by De Lawei, dêr fertelt Henk Bergsma oer syn wurk as toanielmaster. Hy betsjinnet de 'trekkenwand', dêrmei kinst dekôrstikken op it poadium sakje litte.

LTV_LUIEHOND_FR

Luie Hond

20 Jannewaris 2002

Luie Hond is in Nederlânsktalige reggaeband út Ljouwert dy't op it punt fan trochbrekken stiet. De groep bestiet út: Andries van Wieren, Joris Mous, Wyno Bruinsma, Marco van der Leest, Arjen Bras en Arjan Kiel. We folgje se by optredens yn Ljouwert en Enschede en de leden fertelle oer it ûntstean fan de band. Ek kultuerwethâlder Arno Brok, Sjouke Nauta (Friesland Pop) en sjoernalist Jacob Haagsma komme oan it wurd oer de popkultuer.

Hjoed: Aaipop 12 april 2004

Hjoed: Aaipop 12 april 2004

12 April 2004

It is noch net dúdlik hoe't it takom jier komt mei it Aaipop-festival yn Nijlân. It muzykfestival mei allinnich mar Frysktalige acts moat takom jier romte ynleverje. Dat betsjut dat der yn elts gefal ien festivaltinte ferdwine moat. Mar mei minder minsken kin it festival net út, neffens de organisaasje.