Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKKEKSTRA_HARKENSJOCH_4_SKRIUWEN

Linkk Ekstra: Hark en sjoch 4 oer Skriuwen

08 Septimber 2006

Oan de hân fan trije Fryske spylfilms lit Linkk Ekstra sjen wat it meitsjen fan in film ynhâldt. De trije films binne De Dream (1985) fan regisseur Pieter Verhoeff, De Fûke (2000) fan Steven de Jong en Sportman fan 'e ieu (2006) fan Mischa Alexander. Yn dizze ôflevering begjinne we by it begjin: it skriuwen.

LTV_400_JIER_BRANDARIS

400 jier Brandaris

15 Maaie 1994

Programma oer de fjoertoer fan Skylge, de Brandaris. Yn boarnen stiet beskreaun dat al yn 1323 it beslút naam is ta de bou fan it beaken foar de skipfeart. De fjoertoerwachter fan earder hyt no ferkearstsjinstmeiwurker. Meiwurkers fan no fertelle oer har wurk en ek âld-fjoertoerwachter Tjaard Klijn komt oan it wurd, mei argyfbylden. Yn museum it Behouden Huys wurdt wurke oan in tentoanstelling mei in panorama. Ek de KNRM en skippers fertelle oer it belang fan in bemanne Brandaris.

Fermaak yn Fryslan 2 De wrâld fan Stalin Orgels

Fermaak yn Fryslan 2 De wrâld fan Stalin Orgels

19 Jannewaris 1989

De Stalin Orgels is in Fryske punkband op de Feanhoop. Yn de twadde útstjoering fan Fermaak yn Fryslân sjogge we hoe't it deroan ta giet mei de band fan Kees de Vries, Jan Pier Brands, Edo Visser en Hans Kelderhuis.