Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180705_SADWAANDE_OER_SMOKE_17_02_1999.mp4

Sadwaande: Smoke

17 Febrewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer smoken. We sjogge by in tabakssaak dêr't ek de lúksere sigaren ferkocht wurde en by it genoatskip fan sigaresmokers dy't oer de keunst fan it sigaar-smoken fertelle. Op hieltyd minder plakken mei minsken smoke. Op it gemeentehûs en yn it sikehûs yn Snits binne aparte smookromtes. In foarljochtingsfilm wiist op de gefaren fan smoken en de longarts fertelt dêr ek oer.

Sadwaande: bistewinkel, supermerk en drukkerij

Sadwaande: bistewinkel, supermerk en drukkerij

08 Oktober 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: in bistewinkel, in supermerk en in drukkerij.

Spegels: Frysk jeugdorkest en Sinteklaasmearkes

Spegels: Frysk jeugdorkest en Sinteklaasmearkes

04 Desimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: it Frysk jeugdorkest stiet op it poadium mei De Kast en Sinteklaasmearkes, wêr komme dy wei?