Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

CAMBUUR_020698_WR

Spanning by de Cambuur-supporters 2 juny 1998

02 Juny 1998

Op 2 juny 1998 reizgen sawat tûzen Cambuur-supporters ôf nei Swolle, foar de beslissingswedstriid yn de neikompetysje. Cambuur mocht mei trije doelpunten ferskil fan Zwolle ferlieze, om dochs te promovearjen nei de earedifyzje. Omrop Fryslân die op 2 juny 1998 ferslach fan de spanning by de supporters foarôfgeand oan dy lêste wedstryd.

Wurktiid TV: Keuken yn It Wiid

Wurktiid TV: Keuken yn It Wiid

23 Oktober 1996

Yn Wurktiid TV is der in fakatuere fan sous-chef by It Wiid yn Earnewâld. Yn bedriuwsnijs sjogge we by ekologyske bakker Bolhuis yn Jobbegea. En der wurdt wat ferteld oer de stichting De Commisseur.

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 2

Linkk Ekstra: fakânsje yn Fryslân 2

27 Septimber 2002

Yn dizze twadde ôflevering fan de searje oer fakânsje yn Fryslân praat Jildou de Vries mei Gerke Boersma fan de Recron en mei Wobbe van der Vegt fan de provinsje oer toerisme. Benammen de Waadeilannen lûke in soad toeristen.