Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_LOKALE_OPSJE_010398_WR

De lokale opsje, jong en grien

01 Maart 1998

De partij Gemeentebelangen mei Reitze Ketellapper as listlûker docht it goed yn de gemeente Ljouwerteradiel. Ketellapper, autohanneler en dowehâlder, fertelt dêroer en we sjogge him oan it kampanjefieren. Ek jongeren wurde mear en mear aktyf yn de polityk, we folgje Esra Leeger (CDA) en Simone de Bruin (GrienLinks) yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen.

Nij yn Fryslân 3

Nij yn Fryslân 3

04 Jannewaris 1995

Programma dêr't we de famylje Peters yn folgje: heit Johan, mem Alies en 9-jierrige soan Kobus. Se ferhúzje nei Fryslân en komme yn de kunde mei de provinsje en de Fryske taal. Liefke Knol presintearret (yn it Nederlânsk) it programma en jout ynformaasje oer de Fryske taal, wurden en útspraak. Yn dizze ôflevering giet Johan foar it earst nei syn wurk yn it provinsjehûs, mar hy kin it paad net rjocht fine. Op kantoar fernimt er dat syn kollega's Frysk prate.

No Wy: ISK, OSG Singelland

No Wy: ISK, OSG Singelland

04 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze earste ôflevering binne dat learlingen fan de tredde klasse fan OSG Singelland yn Drachten. Se sitte yn in ynternasjonale skeakelklasse (ISK). It wie har eigen idee om har libben te filmjen en te fertellen oer wêr't se weikomme en wat se meimeitsje. Faak is it swier om't se net witte oft se yn Nederlân bliuwe meie. Gaylord, Najad en Mohamed prate mei learlingen en leararen. Ek ha se in filmke makke oer de konsjerzje en bylden draaid op it asylsikerssintrum yn Drachten.