Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tritigers 0105: Skiede

Tritigers 0105: Skiede

03 Desimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it fyfde diel giet it oer út inoar gean. En yn de reportaazje komme twa fans fan de Ierske band U2 oan it wurd.

Sadwaande_oer_lokale_radio_en_tv_19_01_2000

Sadwaande: Lokale radio en telefyzje

19 Jannewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer lokale radio en tv. We sjogge by de lokale stjoerder yn de gemeente Tytsjerksteradiel, en by de iennige kommersjele stjoerder GPTV yn Harns. En we folgje in meiwurker fan de Radio Controledienst yn syn jacht op yllegale piraterij. Prinses op learzens kaapt de Omropstudio.

Sadwaande_It_fersierde_lichem_07_06_2000

Sadwaande: It fersierde lichem

07 Juny 2000

Dizze Sadwaande giet oer it fersierde lichem. We sjogge wat bodypaint ynhâldt, sjogge by in sierademakker en litte in hennafersiering sette. Trije kursisten toane har model bodypaint by de kursus. In snor of burd is in sieraad by de man. By de barbier sjogge we ferskate modellen. By de sieradesaak leare we wat de trends binne. Prinses op learzens fettet it begryp fersiere hiel oars op.