Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 16: Harkje en sjen

LINKK 16: Harkje en sjen

17 Maaie 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer harkje en sjen. We binne by in skoalle foar bern dy't net goed hearre en prate kinne, we sjogge by de dûane op see en prate mei deathtrashmetalband Mortuary I.O.D.

LTV_ANNE_FEDDEMA_241099_WR

Anne Feddema syn algemistysk muzikaal kokentsje

24 Oktober 1999

Portret fan de alsidige Anne Feddema, hy is dichter en byldzjend keunstner. Yn syn wurk spilet muzyk in grutte rol. Hy fertelt oer syn libben en wurk. We sjogge him optreden yn Delfshaven en by Poetry International yn Rotterdam, op in keunstbeurs en yn syn stêd Ljouwert. It Liwwadders spilet ek in rol yn syn wurk.

Fan fan: Jeffrey Talan

Fan fan: Jeffrey Talan

31 Augustus 1998

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Jeffrey Talan it himd fan it liif frege troch Roelof Postma (12 jier). De fuotballer fan SC Hearrenfean komt by him thús op de pleats.