Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: OSG Sevenwolden

No Wy: OSG Sevenwolden

25 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje learlingen fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean in programma 'Stilstean of trochgean' oer jeugkriminaliteit, fandalisme en softdrugs. Se prate mei minsken fan de Raad voor de Kinderbescherming, Justysje, GGZ Friesland en hâlde strjitynterviews mei jongerein.

OPBOU_2_WEROMROP

De Opbou 2: Famkes fan Philips

17 Maart 1991

Yn in trijelûk komt de yndustrialisaasje oan de oarder oan de hân fan Philips Drachten as foarbyld. Yn dit twadde diel giet it oer de famkes dy't by Philips kamen te wurkjen. In promoasjefilm lit sjen dat de jonge froulju net automatysk yn it boerebedriuw wurkje mar rûnom wei mei de bus nei Drachten geane. Dêr wurde se test en ynwurke oan de rinnende bân om skearapparaten yn elkoar te setten. Mei fjouwer wurknimmers fan doe sjogge we werom op har tiid doe en wat it wurk no ynhâldt. Philips fersoarge ek kursussen, lykas naaie en itensiede, foar de froulju.

Fan fan: Boudewijn Pahlplatz

Fan fan: Boudewijn Pahlplatz

03 Maaie 1999

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Boudewijn Pahlplatz it himd fan it liif frege troch Romke Gerke Faber (11 jier) út Aldeberkeap en syn neefke Abert van der Weide (6 jier) út Dronryp. Se moetsje de Hearrenfeanspiler by de fysio.