Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ITLJOCHTOP_070696_WR

It Ljocht Op: Potma-Hettinga-Potma

07 Juny 1996

In portret út 1996 fan de Sniters silers Willem Nico Potma, Frank Hettinga en Gerhard Potma, dy't yn dat jier útkomme sille yn de soling-klasse op de Olympyske Spelen. Yn 1992 diene se yn de Flying Dutchman-klasse mei oan de Olympyske Spelen yn Barcelona.

Wâldrock 2004

Wâldrock 2004

19 Juny 2004

De fjirtjinde edysje fan Wâldrock yn Burgum is fan start gien. De sfear siet der goed yn, ek al wie it sa út en troch wat reinich. De kaartferkeap falt úteinlik toch noch wol ta, yn totaal binne der noch sa'n 8.500 kaartsjes ferkocht. Der is plak foar sa'n 12.000 minsken, mar om't der dit jier gjin grutte act is, binne dat der wat minder wurden. Wylst Wâldrock iepene wurdt troch de Fryske band Mortuary I.O.D, stiet der foar de yngong noch in grutte rige. De kaartsjes binne ferkocht oan minsken út hiel Nederlân en fan alle leeftiden. Wâldrock is dit jier wat lytser fan opset.

180727_SADWAANDE_WURK_24_06_1998.mp4

Sadwaande: fakânsjebaantsje, rjochtbank (diel 5), wurk (diel 10) en ymker

24 Juny 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. De kwestje en de oplieding foar wurk, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear yn de rige oer de rjochtbank sjogge wat it wurk fan de strafrjochter ynhâldt en we leare oer bijen fan in ymker. Yn de searje oer wurk sjogge we nei arbeidsbetingsten. En we sjogge by fakânsjewurk, bygelyks yn de kassen of by de supermerk en foar klachten dêroer kinne minsken terjochte by it fakbûn.