Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180705_SADWAANDE_OER_IT_PROVINSJEHUS_24_02_1999.mp4

Sadwaande: Provinsjehûs

24 Febrewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer it provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. We krije in rûnlieding, ûnder oare by de argiven en de eardere atoomkelder del en leare wat it wurk fan in keamerbewarder en kabinetssjef ynhâldt. Kommissaris Ed Nijpels komt oan it wurd en Ljouwert-kenner Hendrik ten Hoeve giet yn op de skiednis fan it gebou.

Sybe Satellyt 0705

Sybe Satellyt 0705

24 Jannewaris 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by Museum De Jouwer hoe't earder kofje makke waard, fan beannen. Ek praat er mei sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en sjocht er op de redaksje en hoe't de krante makke wurdt. En Joop en Janneke Veenstra fertelle wat belslydsjeien is en dêr ha se klean by oan út eardere tiden.

Linkk Ekstra: Oerfloed 3

Linkk Ekstra: Oerfloed 3

29 April 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer oerfloed. Yn diel 3 stiet wer in oar aspekt fan duorsumens sintraal. We sjogge by de foarstelling Oerfloed fan BUOG, makkers Pieter Stellingwerf en Kees Botman lizze út dat se learlingen bewust meitsje wolle fan duorsumens. Keunstner Anneke Soldaat makket objekten fan ôffal en lit learlingen taskes meitsje. Jildou de Vries leit it belang fan ôffalskieding en recycling út. By Lankhorst yn Snits meitsje se pealtsjes fan lânbouplestik. En by de Fairtradewinkel wurde inkeld 'earlike' produkten ferkocht.