Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV Wat in wurk: De lytse selsstannige

LTV Wat in wurk: De lytse selsstannige

27 April 1989

Portret fan de buertsuper yn Turns. Jan Bootsma wie earder bakker en bakt no noch trije dagen yn de wike en hat mei syn frou in lytse winkel mei iten. Guon klanten komme der al 40 jier. Hy besoarget de boadskippen ek bûtenút, en komt ek by Tsjerkje fan kafee De Klieuw. Yn Penjum is ek in buertsuper, de eigener kombinearret it mei in pizzeria. Jan Hettinga fan Feriening Lytse Doarpen fertelt oer it belang fan winkels op de doarpen. Ek sjogge we by in kursus foar jonge ûndernimmers.

LTV_ENNEUS_HEERMA

Portret fan Enneüs Heerma (CDA)

06 Novimber 1994

It CDA ferliest 20 sitten by de ferkiezingen yn 1994, Enneüs Heerma is keazen as fraksjelieder fan de partij. Yn dit portret fertelt er oer syn jeugd, hy is berne yn Ryptsjerk, de rol fan it leauwe en syn politike karriêre, hy wie riedslid en wethâlder yn Amsterdam en steatssekretaris fan VROM. We sjogge him oan it wurk yn de Twadde Keamer en rinnend troch yn Den Haag en Amsterdam.

FRYSLAN_LESTE_OARLOCH_4_WEROMROP

Fryslân yn de lêste oarloch 4: Twangarbeid yn Dútslân

29 April 1990

Yn in rige fan fjouwer dielen sjogge we werom op de Twadde Wrâldoarloch. Yn it lêste diel folgje we Marten Winters fan It Hearrenfean wylst er troch Dútslân reizget. Yn 1942 kaam er yn Dútslân te wurkjen, hieltyd mear minsken moasten dêr oan it wurk, ek ûnder twang. De arbeidsburo's wurken dêroan mei en spegelen it moai foar mei kleurige affysjes. Winters hat op fiif plakken wurke, en sliepte yn barakken yn kampen. Minsken dy't wurk wegeren of flechten, moasten nei strafkampen. Johannes de Vries en Bertus Lubbering ha dat meimakke en helje oantinkens op.