Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Oplieding Griene Romte by AOC

Wurktiid TV: Oplieding Griene Romte by AOC

24 Jannewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de oplieding Griene Romte by it AOC yn Ljouwert. Learlingen leare dêr foar hofker. Der is no noch in learlingestelsel, fjouwer dagen yn de wike wurkje en ien dei nei skoalle, mar meikoarten begjint de dei-oplieding. J. Helmers, dosint en learlingen F. Calsbeek en S. Bijlstra fertelle oer de oplieding.

Sadwaande_Famyljebedriuwen_27_03_2002

Sadwaande: Famyljebedriuwen

27 Maart 2002

Dizze Sadwaande giet oer famyljebedriuwen. We sjogge by trije famyljebedriuwen: supermerk Vlasma yn Kollumerpomp dy't lêsten de doarren slute moast, meubel- en bêdesaak Meulen en Baarsma yn Oentsjerk en Dokkum en slachterij De Jong op De Jouwer. De eigeners fan de supermerk koenen it bedriuw net oerdwaan oan de bern fanwege konkurrinsje. De beide soannen Van der Meulen sitte yn de saak en ek de bern fan De Jong wurkje yn de slachterij. Floris lit sjen dat der ek skaadkanten binne oan in famyljebedriuw.

LTV_HOUTSJEFABRYK_2

It Halbertsmafabryk yn Grou

01 Maart 1992

De skiednis fan it houtsjefabryk yn Grou stiet sintraal, it Halbertsmafabryk is in begryp yn it doarp. De fjirde broer fan de ferneamde bruorren Halbertsma (Joast, Eeltsje en Tsjalling) Binnert Hidde rjochte it fabryk op yn 1891. It bestiet noch altyd, en makket no pallets en doarren. Ald-boargemaster Kees Vrijling giet yn op de skiednis en trije âld-meiwurkers sjogge werom. Halbertsma wie ek sosjaal-maatskiplik belutsen. Nei de oarloch wie it fabryk sels in foarbyld foar de Wederopbouw. Der wienen ek djiptepunten; yn 1960 baarnde de houtwerf ôf.