Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Doe’t de tocht dy’t nea trochgong… trochgong #1

Doe’t de tocht dy’t nea trochgong… trochgong #1

20 Febrewaris 2005

Op 21 febrewaris 1985 frege hiel Nederlân: koe it net? Of koe it krekt? Mear dan tweintich jier nei de legindaryske tocht fan ‘63 gie it dochs oan! De trettjinde alvestêdetocht wie in feit. Dit is it earste diel fan in dokumintêre oer de Alvestêdetocht fan ’85.

Boppedat: ferlingde skûtsjes

Boppedat: ferlingde skûtsjes

05 Febrewaris 1997

Diskusje oer in ferlingd skûtsje.

LTV_FRIJFAAM

Frijfaam

18 Desimber 1994

Yn dit programma komme seis froulju op leeftiid oan it wurd, se fertelle oer har libben as frijfaam. Dat se noait troud west ha, hat foar- en neidielen sizze se. Se fertelle oer út watfoar húshâlding oft se komme, oer har oplieding, wurk en hobbys. Se ha der allegear frede mei dat se allinne binne. De froulju binne: Wytske Verloop (Aldegea, W), Detsje Koen en Durkje de Boer (Ljouwert), Antsje Joustra (Easterein), Doet Miedema (Dokkum) en Stien Draaisma (Boalsert)