Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0309

Sybe Satellyt 0309

25 Maaie 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Johanna Dijkstra, se is skoaldokter en fertelt oer de krêft fan de sinne, it ferbrânen en de oazonlaach. Sybe is op besite by in skoalle yn Mildaam, de bern ha in 'sels rêd foer masine' foar Sjef betocht. Fierder praat er mei Hans Revier fan de Waadferiening oer de Waadsee en seehûnen.

Frysk Festival: Media Mundi, groet oan de wrâld

Frysk Festival 4: Media Mundi, groet oan de wrâld

24 Septimber 1995

It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. Foar it projekt Media Mundi binne sân keunstners ferdield oer sân parten fan Fryslân en elk docht ferslach fia in eigen medium. De Rus Yuri Leiderman sit yn Britswert en wurket mei Geigertellers. Willem de Ridder makket in swalktocht oer de radio. Geert Duintjer wurket mei ynternet en Ramon van de Werken fertelt oer syn projekt.

Radio Fryslân Edukatyf: Sipelsop en sûkelade

Radio Fryslân Edukatyf: Sipelsop en sûkelade

24 Oktober 1987

Yn 1987 waard yn it ramt fan '50 jier Frysk op skoalle' de teaterproduksje Sipelsop en Sûkelade opfierd. Yn dizze produksje sjongt in bernekoar Fryske ferskes en foeren Freark Smink en Ypie Siesling sênes út. It koar en akteursduo behannelje tema’s as skamte, jaloerskens en peste wêr 't de bern harren goed yn ferpleatse kinne. Dizze produksje wie sa’n sukses dat dit koar alle moanne in nij lietsje songen foar it skoalradioprogramma fan Omrop Fryslan.