Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch Mar: Damje

Sjoch Mar: Damje

14 July 1997

Arjen de Boer is by it NK damjen foar aspiranten yn Mildaam. De Fryske topper Wiebe van der Wijk moat it opnimme tsjin Bas Messemaker.

Wyn op woansdei: Twaddehânsguod

Wyn op woansdei: Twaddehânsguod

20 Novimber 2002

Programmamakker Albert Jensma dûkt yn de wrâld fan twaddehânsguod. Rotsoai of net, foar in soad oaren is de hannel yn twaddehânsguod in brok aventoer. Hy praat mei hannelers op de merk en sjocht by Het Lichtpunt yn Kollumersweach, dat is ien fan dy "doorvoerhavens" fan twaddehânsguod. Se riede har ta op de ferkeapdei dêr't hannelers har slach slane. Der is fan alles, meubels, servys, boartersguod en klean. Ek praat er mei Machiel Dykstra fan it feilinghûs. Dy besjocht de ynboel fan in wenning.

Om Utens: Rieme-Jan Tjittes

Om Utens: Rieme-Jan Tjittes

12 Novimber 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Rieme-Jan Tjittes út Wergea. De jurist en professor wurket en wennet yn Amsterdam.