De Nije Moanne: Hearrenfean boppe

07 Oktober 1990

Programma oer fuotbalklup SC Hearrenfean, dy krekt nei de earedifyzje promovearre is. Dêrfoar moast de klup oan allerhanne strange easken foldwaan, lykas in feilichheidskoai foar útsupporters. We sjogge by de training mei coach Fritz Korbach. Foarsitter Riemer van der Velde komt oan it wurd, we sjogge hoe't it klupblêd It Pompebledsje stensile wurdt en by de wedstriid tsjin PSV. Kin Hearrenfean de earedifyzje oan of is it better om te fusearjen mei Cambuur?