Fan spitkeet oant serre (diel 1)

12 Maaie 2002

Twalûk oer de wenningbou troch de jierren hinne. Yn 1902 waard de Woningwet oannaam, foar dy tiid wennen minsken yn de stêd yn minne omstannichheden yn ienkeamerwenten. Yn Fryslân wenne 58 prosint sa om 1900 hinne. We sjogge in hiel soad argyfmateriaal mar ek by huzen dy't doe boud binne lykas Eigen Brood Bovenal yn Ljouwert, huzen dêr waarden boud op inisjatyf fan tsjerke. Bûten it sintrum (grêften) waard de Yndyske buert boud yn 1906 mei arbeidershúskes. Yn Frjentsjer stiet de earste 'woningwetwoning' út 1905. We sjogge ek op it plattelân dêr't minsken op de heide in plaggehut bouden as se gjin dak boppe de holle hienen. Nei de oarloch wie der slim ferlet fan nije huzen en waard in soad boud, rychjeswenten, mar ek de partikulier bou kaam op by de middenklasse en de flats fan Heechterp yn Ljouwert waarden boud.