Wurktiid TV: Bystân en it Arbeidsburo

21 Febrewaris 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de nije Algemiene Bystânswet. De gemeente Boarnsterhim wol de wurkleazen yn de gemeente oan wurk helpe en wurket gear mei it Arbeidsburo. It platfoarm dat opkomt foar de minsken mei in útkearing is net alhiel posityf oer de nije wet. H. Mink (gemeente Boarnsterhim), B. Dechesne (platform uitkerings gerechtigden) en J. Verhoeff (Arbeidsburo Ljouwert) fertelle oer har wurk.