Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: meidenwerk

No Wy: meidenwerk

07 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering komme de njoggen fammen fan Meidenwerk oan it wurd. Se komme alle wiken by elkoar yn it jongereinsintrum It Syl op De Lemmer. Mei begelieder Rita Louwsma dogge se allerhanne saken, se prate oer de leafde, moade, jonges en uterlik. Foar de film makken se in talkshow oer in famke dat fereale is op de gymlearaar en showe se de nijste moade.

It Fryslân fan Roel van Dalen: Nieuwe Dockumer Courant

It Fryslân fan Roel van Dalen: Nieuwe Dockumer Courant

30 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Roel van Dalen giet it oer de Nieuwe Dockumer Courant. We sjogge by de sjoernalisten Ale Hansma en Koos Molenaar dy't foar de krante op 'en paad binne. Se komme ûnder oare by boer Idsardi dy't ophaldt en in gearkomste fan plattelânsfroulju.

Sybe Satellyt 0704

Sybe Satellyt 0704

06 Desimber 1996

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Sinteklaas dy't fertelt oer de betsjutting fan syn attributen, lykas de stêf en de ring.
Sake Roodbergen fertelt oer boltsjes dy't plante wurde moatte en Jan Pasveer leit út hoe't kofje makke wurdt yn it fabryk Douwe Egberts op De Jouwer.