Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRIEZEN_WRALDSTED_261003_WR

Friezen yn in wrâldstêd

26 Oktober 2003

We sjogge by de Fryske krite yn Amsterdam dy't 65 jier bestiet, se ha in feestjûn mei Teake van der Meer. Tal fan Friezen gienen nei de grutte stêd Amsterdam, ûnder oare om wurk te finen. Histoarikus Frank Suurenbroek fertelt deroer en der is in soad argyfmateriaal te sjen. Twa Friezen om utens dogge har ferhaal: akteur Hilbert Dijkstra (dy't ek by Tryater spilet) en Tryntsje Hemstra dy't as ferpleechkundige nei de stêd kaam. Hoe is de oergong foar har en hoe Frysk fiele se har?

LINKK 26: Rjocht en ûnrjocht

LINKK 26: Rjocht en ûnrjocht

28 Novimber 2003

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer bernemishanneling. We prate mei minsken fan Bureau Jeugdzorg en mei psychiater Van Dantzig.

Simmer 2000 op lokaasje

Simmer 2000 op lokaasje

18 July 2000

Simmer 2000 op lokaasje: Ljussens