Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Jan-Arendz-siket-Jan-Arends_WR

Jan Arendz siket Jan Arends

03 Febrewaris 2008

Yn syn solofoarstelling Arendz' Arends siket de Tryaterakteur Jan Arendz nei syn hast nammegenoat Jan Arends, de Nederlânske skriuwer en dichter. We sjogge stikken út de foarstelling en Arendz fertelt hoe't er op skoalle foar it earst yn de kunde kaam mei it wurk fan Arends. Hy fertelt oer it libben fan de skriuwer, mar ek oer syn eigen libben en karriêre.

LTV_ASYLSIKERS

Asylsikers

09 Jannewaris 1994

We sjogge by tal fan frijwilligers dy't helpe by de opfang fan asylsikers. Yn Ljouwert helpt Baukje Huizinga mei it tolken fan Joegoslavyske flechtlingen dy't opfongen wurde by Burmania. Se ken de taal om't se sels yn dat lân wenne hat. Se helpt by kontakt mei ferskate ynstânsjes. Yn Drachten helpe Henk en Irmgard mei de opfang fan Somaliërs, ûnder oare mei it learen om te fytsen. Lammy Jelsma helpt al jierren mei de opfang yn har gemeente Skarsterlân. Sa fertelt in man út Etiopië syn ferhaal oan in klasse mei bern.

LTV_WR_Portret-dumny-Bottenbley

It teäter fan de Hear: oer de Betheltsjerke en dûmny Bottenbley

10 April 2005

Portret fan dûmny Orlando Bottenbley en syn baptistegemeente De Betheltsjerke yn Drachten. Trije kear sneins sitte der sa'n 2.000 minsken yn de tsjerke dy't gebrûk makket fan moderne techniken en popmuzyk. We sjogge by de (doop)tsjinst, mar ek achter de skermen: fan de parkearwacht oant de technyk en fan it koar oant de bernetsjinst. Bottenbley fertelt wêrom't syn tsjinten safolle mooglik minsken oansprekke. Tal fan leauwigen fertelle wat har sa yn de tsjinsten oansprekt.