Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Liet '98 mei winner Adri de Boer

Spegels: Liet '98 mei winner Adri de Boer

28 Augustus 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering stiet it Liet 1998 sintraal. De winner wie Adri de Boer mei syn liet Soan.

LTV_Yn-de-neidagen-fan-Ed-Nijpels_WR

Yn de neidagen fan Ed Nijpels

13 April 2008

Ed Nijpels hâlde yn 2008 nei njoggen-en-in-heal jier op as kommissaris fan 'e keninginne yn Fryslân. Omrop Fryslân folge Nijpels yn de slipstream doe't syn ôfskied tichterby kaam, fan de steateseal nei polityk Den Haach oant syn wenbuorkerij yn Diken.

LTV_SOKRATES_2_NL_230901_WR

De Fryske Sokrates (diel 2)

22 Septimber 2001

Frans Hemsterhuis (1721-1790) fan Frjentsjer wie in filosoof. Kenners en ûndersikers fertelle oer syn libben, wurk en betsjutting. Hy hie kontakt mei Goethe en mei prinses Adelheid Amalia, Fürstin von Gallitzin.