Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

Geert! S01: Kompilaasje fan seizoen ien

13 Maaie 2003

Geert van Tuinen wurdt 'oanklage' foar allerhanne saken dy't er yllegaal dien hat yn it earste seizoen fan it programma Geert! wêrby't er by tal fan Fryske doarpshuzen delgiet en mei tal fan nijsgjirrige gasten praat. Hy soe bygelyks flein ha sûnder brevet. Yn dizze kompilaasje komme de aardichste mominten nochris foarby en sjogge we achter de skermen en fansels binne der ek bloopers te sjen.

Tritigers 0206: Frijgesel

Tritigers 0206: Frijgesel

18 Oktober 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it sechsde diel fan de twadde searje geane we op stap mei frijgesellen Klaas Pietersma en Durk van der Heide.

Sybe Satellyt 0103

Sybe Satellyt 0103

27 Novimber 1990

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering leart Sybe Satellyt sels mear oer satelliten. Utfiner Michiel Wiersma fan de Eeltsje Halbertsma Skoalle yn Grou hat in ljochtbril makke. Sa kin hy nachts stikem lêze as er op bêd leit. En Lenie ’t Hart fan de seehûnekresj yn Pieterburen besiket fan alles te dwaan om seehûnen te rêden.