Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

BONNEMA_170498_WR

Boppedat: 40 jier ûntwerpen fan Abe Bonnema

17 April 1998

Arsjitekt Abe Bonnema fan Hurdegaryp (1926-2001) hat hiel wat gebouwen ûntwurpen, fariearjend fan lytse wenhuzen oant prestisjeuze projekten, lykas it hege kantoargebou fan Nationale Nederlanden yn Rotterdam. Fjirtich jier funksjonalistysk bouwen fan Abe Bonnema stiet sintraal yn in boek dat yn 1998 útkaam. Nei oanlieding dêrfan socht Omrop Fryslân de arsjitekt op.

Hjoed 8 july 2000, útstjoering 19.00 oere

Hjoed 8 july 2000, útstjoering 19.00 oere

08 July 2000

In wiidweidich ferslach fan de earste Slachtemaraton op 8 july 2000, ûnderdiel fan Simmer 2000, mei moaie bylden fan de tocht en petearen mei dielnimmers. De tocht begûn by Easterbierrum by de seedyk en einige yn Raerd. Underweis wie it ien grut folksfeest mei korpsen lâns de rûte. Ek spile Harm Wiersma damjen op in grut damboerd mei keunstkij. Goed 8.000 kuierders rûnen mei. Simone Scheffer prate mei Simmer 2000-foarsitter Henk Kroes. Tal minsken moasten nei ôfrin opfongen wurde om't se duzelich wienen fanwegen te min iten en drinken. Gerrit Kramer fan Boalsert wûn de maraton.

Geert! S01E06: Parregea/Hieslum

Geert! S01E06: Parregea/Hieslum

22 April 2003

Geert vanTuinen is yn it doarpshûs fan Parregea. Hy praat mei Michel Burgers, dy't gewrichtsprotezes ymportearret en eksportearret en mei Gatze Labordus dy't alles fan roazen wit en der alles fan sammelet. Geert bringt ek in besite oan ielrikker Joop Ruardi en hy praat mei de hiele jonge diriginte Willy Krol. De live-muzyk komt fan de Frysktalige band Bombarje.