Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_ANARGISME_YN_APPELSKEA

Anargisme yn Appelskea

04 Juny 1995

Fan âldsher kamen de anargisten mei de pinksterdagen yn Appelskea by inoar. Yn 1933 wienen dat de Vrije Socialisten dy't anty-militaristysk wienen en gjin alkohol brûkten. No komme tal fan minsken noch nei de Pinksterlanddagen, se binne begien mei natuer en miljeu en noch altyd links yn tinken. Besikers fan no en earder fertelle deroer.

LTV_IN_GOUDEN_OF_IZEREN_HYNST_161197_WR

In gouden of izeren hynst

16 Novimber 1997

We sjogge by de wrâld fan de hynstefokkerij en de hynstekeuring. De belangen yn dy wrâld binne grut. In goedkarde hynst smyt in soad jild op. De hynders wurde toand oan de ynspeksje op de ôfstammelingekeuring. We sjogge by de keuring en tal fan eigeners komme oan it wurd.

180705_SADWAANDE_SWIER_WURK_09_12_1998.mp4

Sadwaande: Swier wurk

09 Desimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer swier wurk, lichaamlik en geastlik. We sjogge by it wurk fan Rendac, it stjonkfabryk dat kadavers ferwurket, by de jiskeman yn Drachten en by it mortuarium yn it MCL. Ingrid praat mei in ARBO-bedriuwsdokter.