Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0209

Sybe Satellyt 0209

19 Maaie 1992

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering giet Sybe nei it Fries Museum yn Ljouwert dêr't in útstalling is oer foaroardielen en diskriminaasje. Ek sjocht er by it suvelfabryk Freia dat earder yn Feanwâlden stie en no wer opboud is yn it iepenloftmuseum yn Arnhem.

LTV_TBC_APPELSKEA_061002_WR

De jierren yn Appelskea; tbc-sanatoarium

06 Oktober 2002

Foar 1950 wie de kâns grut om oan tbc (tuberkuloaze) te stjerren. Pasjinten waarden opfongen en behannele yn sanatoaria, ien dêrfan stie yn Appelskea. Pasjinten en personiel fan Beatrixoord fertelle oer har ûnderfiningen dêr. Pasjinten moasten in soad lizze, yn de bûtenloft en mannen en froulju wienen fan inoar skieden. Ek Johan Stekelenburg wie in pasjint, as foarsitter fan it Nederlandse Tuberculose Fonds iepene er in tentoanstelling. Neist de ferhalen is in soad argyfmateriaal te sjen yn de dokumintêre.